FIIFENTWEINTICH SONNETTEN YN IT FRYSK - YN EIGEN BEHEAR UTJUN 1987 [ANNEN] MEI INKELDE TAJEFTEN

Name: Geart van der Meer (b. 1944)
I have published two collections of Frisian poems -
SKÛL BIJ HANKLIT [1984] and WINTERKRIIK (25 SONNETS) [1987], published privately and now placed on my blog, with minor alterations, at www.winterkriik.motime.com.
Here you find the 1984 poems.
visited *loading* times
WINTERKRIIK

WINTERKRIIK [EIGEN BEHEAR, ANNEN, 1987)
SJOCH FOAR TAJEFTEN IT EIN FAN DE BLOG!
Sjoch foar myn bondel Skûl bij Hanklit [1984]: http://www.skulbijhanklit.motime.com/
.
.
Sjoch fierder: http://www.kwatrynynalletalen.motime.com/
I
Myn freon, nim dan it tou, nim it fergif,
Of jou dij oan it wetter dat dyn holle
Sa fredich ôfslút fan de ûnferfolle …
Wat, ja wat eins? Besef dan dochs dat grif
De leechte fan de dea ferfolje kin
(better, ja!, en langer ek) de leechte
Fan wat libben hjit, mei syn sa dreech te
Lotterjen yllúzjes. Besef: ik bin
Mear as begjin en ein, mear as dreamen
Dij foardreamd hawwe fan faak te neamen
Lok. Myn net-bestean wit fan gjin seamen
Tusken dreamen en ‘t langjende neamen –
Kom. Ik jou dij de folte fan it neat,
Dêr’t gjin neamer it dreamde lok begeart.
II
Mar wie it lok wol altyd dreamd? Ik wit
Noch fan moarnen dat yn de fiere loft
De sinne, mèi de ljurk, syn lieten song
Fan waarmte ljocht en fan it fjurkjend neat,
Fan ‘t namme- en dreameleaze om him sjen
Fan ‘t bern, dat nei it plak ta strûsde, dêr’t
Bij de Aldfeart omkeard ús gersskou leit,
Troch heit mei stoart beslein, mei weckflessen
Dêrop en mei dêryn it kikkertsdril.
Ek ien mei ’t wetterslakje, dat ik klimmen
Sjoch bij ‘t glês omheech en – boppe kommen –
Iepent er him – de lucht it grut hielal
Streamt ek myn lichem troch (ik fiel it noch).
En alles is sa’t ik mei eagen sjoch.
III
De sweltsjes fleagen al wer. Troch de papieren
Sinnegerdinen foelen tûzen streepkes ljocht.
Tsierende strânljippen skelden heech yn de loft.
Ik hie krekt noch sjoen: de wetterslakjes wiene
Der noch de kikkertfiskjes yn it finsterbank
Wiene der noch de kninen de wyk de Aldfeart
De polder – alles wachte op mij. Mar no earst,
Nei it brea-iten, pakt heit fan it finsterbank
It boek mei it âld ferhaal, en lêst hoe’t it begûn:
‘In den beginne skyp God de hemel en de
Ade’; en sjoch – it wie goed. Hoe is no fan dy
Sletten hoep it izer sprongen en djip ferdwûn,
It hôf ferrinnewearre, de poarte sletten,
De stien ferlern mei syn ûntelbere fasetten?
IV*
Dy kears? Dy kear. Mei heit te kriikbrânen.
Ús âld boat de archimedes de Aldfeart
Brêgesleat it Kanaal de Holle Grêft
Dan de Langsturterpoel en de Elve –
Earmoedich lân, mar moai is it hjir wol.
Heit besjocht hoe’t it bewintere is.
Ha! Dêr is Pluto nei syn lange reis
Achter de einen oan, fleurich mar dweil.
Him skodzjend, ús wietsjend. Mei de foarke
Loeget heit bultsjes kriik. ‘Sá moatst it dwaan.’
Tegearre rêde wij it kerwei. Syn soan
Wie ik. In blauwe maitydsdei – foarbij.
Ik mocht de brân stekke yn it winterkriik.
Fan winter bleau doe sels net iens de riik.
** kriik = bij it winter oanspielde deade planten en rûchte, dy’t foarhinne maityds oprêden waard en opstookt. It lân hjir beskreaun leit oan de Langsturte(r)poel tusken Toppenhuzen/Twellingea en De Jouwer. It wurd ‘elve’ sil slaan op ‘alve pûnsmiet’.
Foar in prachtige loftfoto, dêr't de rûte moai op te sjen is, mei boppe rjochts de bestimming Langsturter Poel, sjoch:
.
V
Heit. Presiis om twa oere kamen mem en ik
De sikeseal yn, dy snein. It doogde net (jo seinen:
‘Bin jim dêr einlings’ – sa blau jo fingerseinen,
Sa opset blau jo gesicht), want al hiel gau bliek,
Jo hiene, mei lijen, op ús wachte, amper
Noch bij ’t libben hearrend nei dy earste skamper
Fan de dea – de dea, dy’t doe mei lytse skokjes
Jo ta him loek, mids wite wippende rokjes
Fan skerm-pleatsende susters tá him loek. Leave
Heit, ach, ferjóu it mij, dat ik dat suver komysk
Fûn - dy skokjes, skreppende susters, gjin kosmysk
Barren fûn, en allinne mar oan de ‘Elve’
Tinke koe. In blauwe maitydsdei. Winterkriik.
In heit in soan en yn it blau, ferwaaiend, riik.
VI
Mar ach, wat bestiet der faak tusken heit en soan
Letter noch, as de soan de wrâld ferliest, himsels
Allinne oerhâldt, tusken eigen grinzen? Kweld
Wurdt de heit troch it ûnopfolber foarbijgean
Fan wat ‘libben’ hjitte moat. Hoe koart yn it nei-
Eagjen de dagen! En hij, de soan, moat oan tiid
En takomst noch de leechte ûntnimme, print fan died
Noch oan de jierren jaan. Sa is de heit al wei
Foardat de soan, de jierren garjend, en se dochs
Ferliezend, besef wint fan it ûnoerdraachber
Witten dat tiid fan libjen in ûnfernearber
Streamen is, print en mark fan dieden wiskjend. Och,
Ik moat no witte, lykas jo, dat tûzenris
Jin ûntgliidt wat men wér sá sjen wol, tûzenris.
VII
Al poepertsjeglidend, doe’t mem even net seach,
Koe myn suske krekt bij de hege kûnttsjettel.
Doe wie de waskdei dien. Trije dagen letter
Wie se dea, nei fûle pinen. Mar o, hoe sear
Moat dat heit en mem dien ha: it ‘famke’ ferlern,
Geskink fan God, in pân. Geartsje. Tegearre
Op knibbels, ha se God smeke om dat stjerren
Mei nij libben soenje te meien. En dat bern,
God ôfsmeke, in nij pân, bin ik. En nei myn
Berte hat in earm widdo, yn it doarp, in som jild
Krigen, as tank oan de Hear. Dat haw ik noait field
As bespotlik. Ik ha ’t as pynlik ûndergien
Dat ik, atheist, wûn bin yn godsbetrouwen,
En bestean fanwege ûnferwrigber leauwen.
VIII
Wêrom bestean ik noch? De bûthússolder wie
Heech genôch oars. En dêrûnder stiek in kraan ta
De muorre út, mei boarnamers dêrnjonken. Sa
Te sjen genôch, mei dy betonnen flier. Heit stie
Mei de foarke toppen hea troch de healûken
Te skowen. Ik tyske wat bij it ledderslûk
Om, die in stap twa achterút, en mei in dûk,
Bekkelings, bam, lei ‘k tusken de amers. Hok
In skrik foar ús heit, dy’t lykwols doe’t er nei ûnderen
Stode, in jonkje fûn dat al wer stie en neat
Mankearde, net ienris gûlde. Kinne jim der eat
Oan dwaan: kraan, lûk, amers, flier? Jim as bysûndere
Gearskikking wiene omdôch. Dat de fraach bliuwt stean:
Hoe koe dat? Wêrom libje ik noch? Wêrom bestean
IX
Ik? Wêrom bin ik der noch? It swarte wetter
Ûnder it stap. Ik lei op knibbels en bûgde
Mij foaroer, boartsjend, en fielde hoe’t it sûgde,
Dat swarte dat swarte. Ik bin yn it wetter
Fallen en ik flean ik sweevje troch it wetter
It is om mij it is yn mij o it is mij
Ik sjoch ik bin draaiende stippen binne mij
Ringen fan blau ljocht blau blau sá blau it wetter
Boppe ûnder binne net mear inkeld wetter
Weagjend. Mij. Mar wat wie sterker? Mij moast skieding
Ferneare yn ik en dat. Want de ferlieding
Wie it
(Eefkes) rôp kalm: ‘Durkje, wolst mij der úthelje?’*
Sels bin ik no de priis dy’t ik dêrfoar betelje.
* Wier bard: myn suster Durkje kaam krekt thús fan har wurk en rûn oer it strjitsje achterhûs yn Toppenhuzen, doe’t ik krekt even mei myn kopke boppe wetter kaam, al heal ferdronken en yn ‘e sûs. Oars hie ik der net mear west.
X
Mar freegjen hat gjin doel yn dit net antwurdzjend
Hielal. Wa’t sûnder goaden libbet, fragen moat
Dy net mear stelle. Ien ding is wol wis: al hoe’t
Men op jins wyfke omstreaket, gedichtsjes riuwend
Troch it libben bûkelt, goed jins bêst docht bij it
Sykheljen – ienkear komt de tiid dat de fuotten
Rjochtút moatte, en dan sil men foargoed witte
Wat Rintsje Ferver ek al sei: ‘ ’t is mar sa’t it
Is, mar ’t is mar sa.’ En dêr is, leau ik, alles
Wol mei sein. En wol men ‘ivichheid’ en ‘skientme’
Sjen (en dat bín dochs synonimen?), dan sil men
Dy séls skeppe moatte, en út eigen gaos
Sil de geast koarte kosmoskes fan harmony
Opdreame moatte, mei soms flardsjes melody.
XI
Josquin* (O Alma Redemptoris Mater, O!
Seinge mem fan us ferlosser. Jo, dy’t skepen
Ha jo eigen skepper) – hoe hat hij der weet fan
Hân dat muzyk, dat himelsk ingletongjen,** ta
Ús hert yntsjocht wat ús fersoenje kin mei riik
En tsjêf en al ’t fergean – fergean moat de gearskik
Fan ek dizze toanen, dizze stimmen, en ek
Myn harkjen hat begjin en ein. Mar dit muzyk
Iepent yn ús inerlik in ûneinichheid
Sûnder mjitte, sûnder tiid. Want de oardering
Fan toanen wurdt yn de geast de opheffing
Fan oarder, en ein wurdt begjin, en einichheid
Ûneinichheid. Soms is de minsk syn eigen god,
Skept er in ierdske himel, eigen heechst gebod.
* Josquin des Prez (?1440 - 1521), ien fan de ferneamde groep fan ‘Nederlânske’ komponisten út de fyftjinde en sechtjinde ieu, mar yn feite nei alle gedachten in Flaming, sadat er ek wolris Josken van de Velde neamd wurdt. Wurke yn Rome en Noard-Italië en wie yn hiel Europa ferneamd om syn subtile en útdrukkingsfolle polyfoane styl, dêr’t er yn syn tiid fierwei de bêste yn wie. De begjinrigels fan dit sonnet foarmje it begjin fan ien fan syn prachtige en meislepende Maria-motetten, loflieten op de Hillige Faam Maria.
** Sj. Gysbert Japicx (1603-1666), ‘OP ’t MUSYCK-SJONGEN’
XII*
Syn slanke hân leit stil op it papier,
Syn eagen stoarje, en it tinken dat
Stjoere moast, wurdt séls stjoerd troch alles wat
In minske wûnje kin, fan skientme fier –
It stjerren fan in soan, Constanze siik,
En ek syn eigen holle, eigen lea,
Dy’t – siik – him tinzen bringe oer de dea,
En libbens freugden: wierlik tsjêf en riik.**
Mar dan, syn hân ferweecht. Inket, pinne,
Papier, lizze fêst wat syn holle skept
Oan lûden ta in Prusysk strykkwartet,***
Sá dat wij noch altyd hearre kinne:
Keunst, himelsk, mar út ierdske wûnen skreaun –
Treastgjend, net wûnjend, en dochs minsklik bleaun.
*ferlykje it sonnet Mozart skriuwende fan Anne Wadman,
Yn OP KOART FRONT, twadde printinge, s. 15 (Dokkum, 1946).
XIII
Fan ’t libben it begjin en fan myn dei,
Net jong, net âld, mar tiidleas beide, reau
Se har yn ’t bleinen harnas moarns, en bleau
Yn ‘e wapens foar mij de lange wei
Fan ’t iere brea nei ’t wurge sliepen jûns.
Wat sij nachts wie en die mei ’t harnas út,
As frou freondinne leafste fan ús heit,
Dat wie myn eachweid net. Jeugd is in klûs,
Slút oare wrâlden út. Mij is ’t besef
No kommen (mar te let) fan wat in minsk
(En net allinne ‘heit’ of ‘mem’) oan winsk
En wollen yn him hat, en hoe’t er (lef?)
Fiere kimen mar ferjit. Koe ik jo? –
Yn myn wrâld fan ferskil, myn kant de kleau?
XIV
Jo kant de kleau – ferwachten jo in doel
Fan mij, in sin, ferfolling fan in dream?
Wie ik foar jo as blêden oan in beam,
Dy’t it sinljocht heine en it grut gefoel
Dat waarmte jout dat reizge troch it kâld
Hielal? Gjinien wol neaken, doelleas, stean
Noch foar’t de winter komt. Dus moat ik gean,
Om jo, troch libbens jiergong en it sâlt
Priuwe fan langst nei dy iene maityd –
Foarbij - en, om jo, ek ûnderfine:
Gjin takomst, gjin doel, litte har bine
Oan ’t eigen sels as it gjin oarsprong wyt.
In kâlde leechte dûzelt yn myn holle.
Dêr soe ik jo soms om ferflokke wolle,
XV
Mar kin it net. Want ik moat wer tinke
Oan dy nacht, jo lêste nacht, it lange
Wachtsjen op de dea. Jo longen, lippen,
Blaasden lucht, suchten – as lêste tekens –
Mar foar altyd wie de tagong sletten
Ta jo geast, dêr’t ik yn jo omtinken
Net mear bestie. Jo libben fegetaal,
Dy nacht, mar nóch yn de geast fan dy’t jo
Fleis wiene en bloed. Bij de dea fan elk
Fan ús stjerre jo noch mear, oant der neat
Oerbliuwt as jo namme yn argiven.
Ek dat fergiet. Ik wit, in minske siket
Tiid fan libjen bûten himsels: bestean,
Duorje, woen’ jo, ek nei jo hinnegean.
XVI
Jo sochten it duorjende yn jo god,
Net allinne yn jo bern. Ik kin dat net.
Ik kin net leauwe dat de minske eat
Bliuwends besit, oars as de langst dat dát
Duorje mei wat ienris is. Wij wolle,
Healwiis, bernachtich, fêst yn ús earmen
Klamme elk lyts momint en gods foarmen
Hjir op ierde sjen. Troch ús tefolle
Oan langst fermannichfâldiget de langst
En flechtet foldwaning achter fiere
Kimen. Hjír is it plak en it wiere
Lok is dit momint. Hie ik dochs gjin eangst
Om hjoed, om hjir. Nim ’t lok fan no, fan hjir, yn hannen
Dat foar dyn fuotten leit: ’t leit net oan ‘fiere strânen’.*
* Lêste wurden fan it gedicht ‘Sierd Anes Klachte’ fan Eeltsje Halbertsma (1797-1858).
XVII
Ljocht. Reid en wetter, ljocht: de Weerribben.
Sêft giet de wyn oer ’t leaf. Wij sitte stil
En nêstinoar te sjen. Dit ljocht! Hoe sil
It rize yn sielen, inoar besibben,
As bliuwend ljocht, al riist de nacht! Mar dochs,
Hoe bliuwend is sels dit sa grut hielal
Fan ljochtjierûngrûndjipten sûnder tal,
Dêr’t stjerrekloften inoar, sûnder slachs
Te reitsjen, kruse? Dyn wurd, dyn foarmen,
Hear ik de neiklang fan yn ear, yn hân,
Yn lippen – mar ek ’t ûnthâld taast mar yn sân.
Dit kleare ljocht dôvje aanst de stoarmen.
Sa’n klearens makket dat ik mear begear
As ‘Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear’.*
* Sj. it sonnet fan Douwe Kalma (1896-1953) mei dy namme.
XVIII
Sasto dêr sitst! Licht lynjend, de earmen
Justjes bûgd, de hannen op it steger-
Hout, skoarjend de stream fan hier nei nekke
Skouder mar fan skouderblêd wielingen
Fan rêchbonke en heupbekken strakke
Rivieren fan poepertsje en bil oer-
Rinnend yn it méanderwûnder fan
It knibbelpear – en dan de teare teare
Floeiïngen fan kût en ankel. Foet. Gleon
Is de dei. Sinne. Wêr fynt de swimmer
Yn dy floeistream rêst en hâld? Wrakselder,
Lit dij mar glide yn dy draaikolk, djip,
Djip beskûle leit foar dij it milpunt.
Fergean, en fyn in absolút stil punt.
XIX
Wreedste begearte is dy fan it fleis.
Yn ús wekjend de toarst dy’t it drinken
Net ferslacht, mar fermearet, en it tinken
Fersoarret ta dat iene – dy’t ús deis
Achterfolget mei it byld fan de nacht
Sa’t dy wie, de nachten sa’t dy wiene,
Kjimmen yn it ûnthâld, sá dat it skiene
Alles oerwoekeret. ‘Nim dij te wacht
Foar de som fan it ûnthâld en de langst.
Do leavest wat einich en stjerlik is.
Doch dat mei in leafde dy’t einich is,
Wês fan ’t begearen fan skientme it bangst’ -
‘Mar wat it each sjocht, en hannen fiele,
Hoe kin ik dát mei einichheid diele?’
XX
wês in waarme weach fan leafde en spiel
mij mei heech op de toppen fan de langst
dat ik sjen mei – fier ljocht - it strân fan rêst
en smyt mij dan wer hommels tomljend del
yn skomjende lichten dat ik dêrnei
wer widze wurde mei op wer in weach
en lit mij priuwe it sâlt fan it heech
begearen lit mij drinke fan dyn see
it yntsjoed drinken* lit mij fiele dyn
skerpe toarst fier mij op nei de waarme
sinne fan dyn deadlik ljocht dyn sêfte
twirren lit dy flymje wês do de wyn
sljurkje mij mei in lêste weach op it strân
lit mij de ferjitnis fan wiskjend sân
* ferl. it 'yngoe drinken' fan Tamminga yn DE SITADEL.
XXI*
Ast âld en griis bist en dij bij it kâlde fjoer
Fan radiatorwaarmte waarmest tsjin it
Útgien fjoer fan it fergien ferline – binne’ it
Dan tinzen oan mij, dy’t – amper, even mar – oer
Dyn âld antlit bringe sille’ in lichte ronfeling
Fan in glim? – of sille âld sear en âlde wrok,
Besef fan lytse leafde, fan te lyts gelok,
Dyn mûlshoektearen skikke yn ferskronfeling
Fan licht grimas? (Ach , ik wit dat selde pinne,
Selde inket, ‘haat’ en ‘leafde’ – selde wurden –
Skriuwe kinne). Mar wit: alles wat ferwurden
Is, hat west, al silst it net wer fine kinne.
Soms wien’ der roazen, read yn bloei, al sjochst se no net mear.
En roazebledsjes wien’ foár it ferwyljen sêft en tear.
* Net in bewurking, mar in fiere echo fan it bekende ‘Sonnet à Hélène’ fan de Frânske dichter Pierre de Ronsard (1524 – 1585).
XXII*
Dit is it kleare ferjitten. It draaien
Fan kamrêd en tsjil en it waaien fan
Wyn yn myn hier. Felling en speaken slaan
Fjoer út de stien fan de sinne, reitsje
Mei fonken myn lea dy’t brâne yn ’t geniet
Fan it traapjen fan foet en fan skonk en
It knierjen fan knibbel en heup. Dronken
Wurde myn longen fan wyn en in liet
Spilet yn ranken troch holle en hert,